FIDEO: De Koningsspelen op De Lemmer: ite mei de kening en oare pommeranten

12 apr 2019 - 20:20

De eagen fan mear as in miljoen skoalbern wiene freed rjochte op har leeftiidsgenoaten fan basisskoalle De Arke op De Lemmer. Want dêr waarden de Koningsspelen iepene en dat wie live te folgjen foar alle oare bern yn it lân. Kening Willem-Alexander wie op De Lemmer om it feest mei te fieren.

Mei in high five begroete de kening de bern. By it moarnsbrochje wie der in spesjaal plakje foar him resevearre om in hapke mei te iten. Learlingen Nienke en Nicky sieten dêr ek by en fûnen it fantastysk.

Neist de kening wiene der mear pommeranten nei De Lemmer kaam, sa as inisjatyfnimmer fan de Koningsspelen Richard Krajicek en de presintatoaren Britt Dekker en Ron Boszhard. Dekker hat har hert ferlern oan Fryslân en hat sels in Frysk hynder, fertelde se.

(advertinsje)
(advertinsje)