Skrik yn Noardwâlde troch omfallen boukraan: "Ik krijg er de kriebels van"

12 apr 2019 - 18:44

De skrik sit der goed yn by de omwenners fan de boulokaasje yn Noardwâlde dêr't freedtemoarn in grutte boukraan omfallen is. De kraan kaam telâne yn in tún fan in wenning oan de Ds. van der Tuukstraat. Der rekke gjinien ferwûne, mar it hat foar in soad skea en grutte konsternaasje soarge.

Hege boukraan falt om yn Noardwâlde

Janet wennet yn de strjitte op nûmer 6, flakby de boulokaasje. Se woe krekt de itensboarden op tafel sette, doe't de kraan omfoel. "Er was ineens een heel harde knal. Toen lagen de borden ook op de grond en ik dook in elkaar", fertelt se.

"Ik ging voor het raam kijken en toen zag ik dat die kraan was omgevallen. Ik dacht: dat is niet best. Het had mij ook kunnen overkomen als hij de andere kant op was gevallen."

Oan de ein fan de middei sit de skrik der noch altyd yn by Janet. "Ja, dat klopt. Heel erg nog. Als ik nu kijk naar de twee kranen die er nu staan, krijg ik er toch de kriebels van." Se hat de hiele dei noch net wer yn har hûs west, want se doart net sa goed. "Ik zal straks wel moeten, maar het is toch wel een beetje angstig."

Oarsaak noch ûndúdlik

It is in drege put om de tsientallen meters hege kraan fuort te krijen. It slagge net om it gefaarte yn syn gehiel op te takeljen mei twa oare kranen en dêrom wurdt it in stikken seage.

Om't de eigener fan it boubedriuw drok dwaande wie en ek bot skrokken is, wie er der noch net klear foar om in reaksje te jaan op it ûngelok. Der is dêrom noch neat dúdlik oer hoe't it barre koe en hoelang't it opromjen fan de kraan noch duorje sil.

De boukraan wie nij, it boubedriuw hie de kraan fiif moannen yn gebrûk. Der wurdt in ûndersyk ynsteld nei de tadracht.

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei Janet fan nûmer 6

Trefwurden: 
Noardwâlde boukraan omfallen
(Advertinsje)
(Advertinsje)