Frjentsjerter Akademy krijt 70.000 euro takend

12 apr 2019 - 17:49

Krekt nei it ienjierrich bestean fan de Akademy fan Frjentsjer hat it ministearje fan Ynlânske Saken en Keningsrelaasjes bekend makke 70.000 euro ta te kennen foar wittenskiplik ûndersyk nei de Omjouwingswet. It giet om in subsydzje foar it monitoarjen fan de Pilot Omgevingswet Noordwest Friesland.

Foto: Bouwe Brouwer

Dy is opsetten op inisjatyf fan de bedriuweferiening Commerciële Club Noordwest Friesland en offisjeel bekrêftige yn maart 2018 troch de gemeente Waadhoeke, de provinsje Fryslân, it Wetterskip en it ministearje fan Ynlânske Saken.

Mr Annalies Outhuijse, bestjoerslid fan de Akademy en wurksum oan de Ryksuniversiteit Grins: "We zijn heel blij met dit eerste onderzoeksgeld en zien het als een belangrijke erkenning dat juist een ministerie ons deze opdracht beeft verleend."

Op lytse skaal tapast

De pilot hâldt yn dat de oerheden yn Noardwest-Fryslân foar in beheind oantal projekten dogge as oft de Omjouwingswet al fan tapassing is. Hjirtroch wurde de ynnovative prinsipes dy fêstlein binne yn de Omjouwingswet en de boargerpartisipaasje alfêst op lytse skaal tapast foar echte projekten.

(advertinsje)
(advertinsje)