GrienLinks njonken koälysje: "PvdA hat tegearre mei de oaren in oare kar makke"

12 apr 2019 - 17:30

Harry van der Molen hat advisearre om GrienLinks net mei te nimmen yn it koälysjefoarstel. De PvdA sit wól yn it foarstel, wylst sy ôfpraat hawwe gear te wurkjen. Partijlieder Matthijs Sikkes-Van den Berg is lykwols net lilk op de partij fan Marijke Roskam. "Mar it mei dúdlik wêze dat wy ek leaver oan tafel sitten hiene om't wy dan écht in griene koälysje hiene."

Matthijs Sikkes-van den Berg (GrienLinks) - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit Harmen Rypma

"Dan koenen wy echt griene stappen meitsje, mar de PvdA hat tegearre mei de oaren in oare kar makke", giet Sikkes-Van den Berg fierder. "Hetty Janssen hat diels in punt troch te sizzen dat sy no wol ynstappe moasten, om't it probleem grutter west hie mei Forum yn de koälysje."

"Oan de oare kant is it sa dat de koälysje sûnder GrienLinks minder grien is as mei GrienLinks. Dêrtroch kinne wy net stappen meitsje yn de dossiers dy't echt wichtich binne foar Fryslân om stappen yn te setten", mient de partijlieder.

Matthijs Sikkes-van den Berg

"Wy moatte dizze formaasje mar ris besjen. Der binne 22 sitten, dat bin der net in hiel soad, dus dat is wol dreech mei de dossiers dy't foar ús lizze. Dêrneist is it sa dat wy earst mar ris sjen moatte oft de FNP wol meigiet yn de enerzjystransysje as it giet om wynmûnen en wynenerzjy", antwurdet Sikkes-Van den Berg op de fraach wat GrienLinks no dwaan sil.

"Wy hawwe noch in soad fraachtekens, en as wy it oer betrouwen hawwe, freegje wy ús ôf hoe djip dat sit."

(advertinsje)