FNP-partijlieder Johannes Kramer: "Ik bin altyd wiis mei de PvdA"

De FNP komt foar de tredde kear op rige yn it provinsjebestjoer. En dus kin partijlieder Johannes Kramer begjinne oan syn tredde termyn as deputearre. Mar dat fynt er net it wichtichste? "It giet om de knikkerts. De FNP is net it suertsje by de boadskippen. We dogge mei omdat we mei Fryslân fierder wolle."
Johannes Kramer FNP
"En we ha der no betrouwen yn dat dat mei dizze fjouwer partijen kin", seit Kramer. Ynformateur Harry van der Molen advisearre freed in koälysje fan CDA, PvdA, FNP en VVD.

Ut it midden wei

En dus net de rjochtse koälysje sûnder de PvdA en mei Forum. Dat is logysk, neffens Kramer. "It is mar in smelle koälysje, mei 22 sitten. Dan is it wichtich dat je út it midden wei dizze provinsje bestjoere. Dat is better as fan de rjochterflank. En ik bin altyd wiis mei de PvdA, op basis fan de ynhâld."
Forum voor Democratie hie wol kâns, seit Kramer ek. "We hiene op foarhân gjin problemen mei Forum. We wiene wol benijd: wat wolle se en wa binne se? We ha twa petearen hân. It earste wie wat ús oanbelanget wakker posityf. By it twadde petear moasten we lykwols konstatearje dat de reitsflakken op it mêd fan klimaat der net wiene, troch de opstelling fan Forum."
It giet ús om it behâld fan it lânskip en dêr passe gjin nije wynmûnen by.
Johannes Kramer
No sil de FNP sjen moatte oft se der útkomme kinne mei CDA, PvdA en VVD. Op it mêd fan wynmûnen lizze de stânpunten net ticht byinoar. "We ha sein: gjin nije wynmûnen op lân derby", seit Kramer. "En we binne noch hieltyd prinsipieel: net mear wynmûnen op lân as wat we yn 2015 nei in swier debat ôfpraat ha. Fryslân moat gjin enerzjyfabryk wurde. Tagelyk steane we wol foar in opjefte op it mêd fan klimaat en feangreide. Dêr wolle wy ús bydrage oan leverje. Dêr binne doarpsmûnen in ûnderdiel fan, mar it giet ús om it behâld fan it lânskip en dêr passe gjin nije wynmûnen by."

Ek wat krije

"We moatte no fierder mei-elkoar prate", seit Kramer oer it ferfolch fan it proses. "We ha betrouwen útsprutsen dat we derút komme kinne soene. Dêr rin ik net op foarút. We wolle wol oan dy boppegrins fan it tal fêststelde wynmûnen fêsthâlde. Wêr't je wat litte, moatte je ek wat krije."
Op oare mêden sjocht de FNP grutte kânsen yn de gearwurking mei de PvdA. "Der lizze grutte opjeften op it mêd fan feangreide en lânbou. Dêr tinke de PvdA en wy wakker gelyk oer", seit Kramer.
Kramer kin dus rekkenje op nochris fjouwer jier yn Deputearre Steaten. Mei hokker portefúlje is noch de fraach. "De portefúlje dy't ik ha, fyn ik fantastysk. Mar it bestjoeren fan Fryslân is belangriker as myn posysje. Ik bin ûnderhearrich oan it kollektyf."