Fernijde fargeul tusken Amelân en Holwert offisjeel iepene

12 apr 2019 - 17:10

Minsken dy't mei de boat nei It Amelân farre of fan It Amelân nei de wâl, binne der fan freed ôf mooglik in bytsje minder tiid oan kwyt. Troch it ôfsnijen fan ien bocht yn de fargeul is de oertocht koarter wurden. Freed is de fernijde farwei offisjeel yn gebrûk naam.

De iepening fûn plak op de pier fan Holwert en waard dien troch Gerard van Klaveren, boargemaster fan It Amelân, Ger van Langen, direkteur fan rederij Wagenborg en Mieke Attema fan Rykswettersteat.

Rykswettersteat hat tusken mids jannewaris en ein maart 300.000 kúb út de Waadsee baggere om de bocht ôf te snijen. It slyk en sân dêrfan is yn de âlde fargeul smiten. It duorret noch wol in skoftsje foardat it nije diel fan de geul ta rêst kaam is. As dat sa is, moat de oertocht sa'n trije minuten koarter duorje.

Punt fan soarch

De fargeul nei It Amelân is al jierren in punt fan soarch. De geul sliket hieltyd ticht, wêrtroch't de fearboat by leech wetter faak fertraging oprint of fêst komt te lizzen.

It ôfsnijen fan de fargeul is ûnderdiel fan de ferbetteringen dy't útfierd wurde. It earste part by Holwert, dat de floedgeul neamd wurdt, is no klear. It twadde diel, de Reegeul, by It Amelân folget mooglik letter noch. Mar dat is noch net dúdlik.

Foto: Omrop Fryslân

Oare maatregels binne fierdere ferbettering fan it baggerjen, in knip yn de tsjinstregeling, it optimalisearjen fan it laden en lossen en in sneltsjinst foar ynwenners fan It Amelân en forinzen. Fan 2015 ôf wurdt der al oan de ferbetteringsplannen wurke.

As alles klear is, hopet Rykswettersteat dat de oertocht yn de takomst yn totaal sa'n 10 minuten koarter duorje sil.

In echte oplossing foar de problemen is de oanpak net. De Waadsee is in gebiet dat altyd yn beweging is en dat betsjut dat it hiel dreech is om in permaninte oplossing foarelkoar te krijen, sizze alle belutsen partijen. Neffens Ger van Langen spilet de polityk ek in wichtige rol. Sûnder politike wil en finânsjes is in echte oplossing net mooglik.

(advertinsje)
(advertinsje)