Frijspraak yn ôfparsingssaak mei bleatfoto's

12 apr 2019 - 16:56

In 20-jierrige man út Den Haag, dy't neffens it Iepenbier Ministearje in Jouster sjantearre hie mei bleatfoto's, is dêrfan frijsprutsen troch de rjochtbank. De fertochte ûntkende dat hy de 'Maria' wie dy't de 24-jierrige man fan De Jouwer ferline jier op ynternet frege om pikante foto's fan himsels. De Jouster waard dêrmei letter sjantearre.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ut skamte en eangst makke de Jouster twa kear twahûndert euro en twa kear fyftich euro oan beltegoed oer op in rekkening fan de man út Den Haag. Justysje easke fyftjin moanne sel, wêrfan fiif moanne ûnder betingst.

De Hagenaar joech ta dat it jild fan it slachtoffer en trije oaren op in rekkening fan him stoart wie, mar hy sei dat hy in 'stroman' wie foar in oar. Fan wa woe er net sizze. It gie om yn totaal in lytse oardel tûzen euro.

Net genôch bewiis

De rjochtbank fynt dat er net genôch bewiis is tsjin de fertochte. It stiet neffens de rjochtbank net fêst dat hy de ôfparsing sels die. Hy moat lykwols wol in moanne de finzenis yn, om't er it jild krigen hie.

De Jouster hie tûzen euro oan smertejild easke, mar dat waard fanwege de frijspraak troch de rjochtbank ôfwiisd.

(advertinsje)