Surhuzum Open Air komt mei twadde edysje

12 apr 2019 - 16:51

It rock- en metalfestival Surhuzum Open Air komt dit jier mei de twadde edysje. Doe't Wâldrock ophold, ûntstie it idee om yn Surhuzum mei in nij festival foar dat sjenre te kommen. Ferline jier hat in groep fan 15 inisjators de gok naam en no komt der dus in ferfolch.

Foto: Surhuzum Open Air

It festival is op deselde lokaasje as ferline jier: by Ophûs. Ferline jier wie it festival útferkocht. Neffens it bestjoer soene se dus útwreidzje kinne, mar dat dogge se net. It soe hegere kosten en mear risiko's mei him meibringe, en de sfear wurdt dan ek net better, fine se.

De twadde edysje fan Surhuzum Open Air duorret twa dagen: freedtejûn 21 juny en saterdei 22 juny. Yn totaal komme der tsien bands.

(advertinsje)
(advertinsje)