Dútser rydt te hurd by Kollumerpomp en moat rydbewiis ynleverje
In Dútske automobilist fan 41 jier moast freed by Kollumerpomp syn rydbewiis ynleverje. Hy ried fierstente hurd.
De plysje kontrolearre op snelheid oan de Kwelderwei. Dêr trappearren se de Dútser ek. Hy ried mei 141 kilometer de oere lâns de laserkontrôle. Op dat plak wie 80 kilometer de oere tastien.