Boargemaster wol yn petear mei kafee: "Maatregelen om verstoringen te voorkomen"

12 apr 2019 - 16:11

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert wol yn petear mei de minsken fan kafee Het Gouden Pilsje. As it oan de boargemaster lei, waard it kafee in moanne lang sletten. Dêr stuts de rjochter lykwols in stokje foar. "Ik wil nu het gesprek aangaan over maatregelen om toekomstige verstoringen van de openbare orde te voorkomen", seit Crone.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Oanlieding foar Crone om it kafee te sluten, wie dat supporters fan fuotbalklup AZ dêr begjin jannewaris foar oerlêst soarge hawwe soene. Se rôpen diskriminearjende en strafbere dingen. Neffens de boargemaster hie it kafee net genôch dien om wat oan dy sprekkoaren te dwaan.

De rjochter seit dat de boargemaster wol it foech hie om it kafee te sluten, mar fûn de sluting yn dit gefal net reedlik. In sluting is bedoeld om in ein te meitsjen oan de fersteuring fan de iepenbiere oarder en feiligens. Omdat it hjir mar om in ienmalich probleem giet, hoecht it kafee net in moanne ticht, seit de rjochter.

Ria Efdee fan Het Gouden Pilsje - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

"Het moet voor Het Gouden Pilsje en alle andere horecabedrijven in Leeuwarden duidelijk zijn dat openbare ordeverstoringen niet worden getolereerd en dat ik hiertegen zal optreden", seit Crone. "Ik wil dan ook in gesprek met de exploitanten om goede afspraken te maken om nieuwe overtredingen te voorkomen. Bij voldoende vertrouwen zal ik het besluit tot sluiting intrekken en omzetten naar een waarschuwing."

(Advertinsje)
(Advertinsje)