Sander de Rouwe oer ynformaasje: "Dizze kleuren binne yn de mienskip oanwêzich"

12 apr 2019 - 16:08

"It is hiel moai dat der dochs opnij in breed kolleezje komt yn it politike spektrum." Dat seit CDA-partijlieder Sander de Rouwe oer de ynformaasje fan Harry van der Molen. Dy seit dat VVD, CDA, PvdA en FNP it nije kolleezje foarmje kinne. Dêrmei falle de winners fan de Steateferkiezingen, Forum voor Democratie en GrienLinks, bûten de boat.

Sander de Rouwe CDA

"In partij oan de rjochterside mei de VVD, de linkerside mei PvdA en twa sintrumpartijen mei it CDA en de FNP, docht ek rjocht oan ús mienskip, want dizze kleuren binne dêr ek oanwêzich", giet De Rouwe fierder.

Der is wol mei Forum voor Democratie praat, neffens de CDA-foarman. "Mei Forum hawwe wy meardere goede petearen hân. De stânpunten komme wol wat oerien mei bygelyks it CDA en de VVD. Foaral op it mêd fan ekonomy, de belesting, lânbou, feangreidegebieten. Dat is it probleem net. Ik sjoch dan ek út nei de gearwurking yn de Steaten, want dy bliuwt der gewoan."

Net foldwaande betrouwen yn Forum

"De kar foar dizze koälysje giet lykwols oer it deistich bestjoer. En wat wy as CDA wichtich fine, is dat der in bestjoer komt mei breed draachflak en dat dat brede draachflak ek opsiket. Yn de mienskip, mar ek yn de Steaten. Wy sjogge by Forum dochs wat skerpe rântsjes. Wy tinke dat dat wat té skerp is."

Der is lykwols noch in reden om net yn in koälysje mei Forum te stappen. De Rouwe: "We witte ek net wat de bestjoerders binne. De earste wike kin dat noch, mar letter kin dat gewoan net mear. Wy krigen net foldwaande betrouwen. It earste petear oer klimaat fielde lykwols noflik. Sy woenen de besluten dy't naam wiene wol oernimme, mar yn it twadde petear woenen se dat weromdraaie."

Gjin âld sear tsjin PvdA

De formaasje fan fjouwer jier ferlyn hat gjin âld sear oplevere. Doe kamen de partijen PvdA en CDA der net út. "Eltse kear begjinst opnij, mei nije kandidaten, in nije útslach fan de kiezer mei nije programma's en dan spilet der gewoan mei oft it goed matcht. En dat wie sa. Eltse partij is ree om kompromissen te sluten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)