Beurtskip Grou nei restauraasje feestlik te wetter litten

12 apr 2019 - 16:02

Nei mear as twa jier renovaasje is it beurtskip Grou klear. It skip, in soarte fan lyts skûtsje, komt út 1910. De ôfrûne jierren hat in team wurksykjenden it skip wer yn steat brocht. Freed waard it skipke te wetter litten by Earnewâld. Ferskate minsken út de skûtsjewrâld ha har ek mei de restauraasje dwaande holden, ûnder wa Age Veldboom.

Feestlike tewetterlitting beurtskip Grou

Beurtskipkes ûnderhâlden eartiids de ferbining tusken stêd en doarp. De namme krigen se om't se om de beurt nei in stêd of doarp fearen, mei pakjes en oar guod. "In kommisje hie dit skipke al hiel lang op it each. It skip lei yn Zoutkamp, dêr't it brûkt waard as fiskersskip. Op it sâlte wetter giet it hurd efterút mei sa'n skip. It is letter restaurearre ta rekreaasjeskip", fertelt Veldboom.

Lear-wurktrajekt

It wiene mannen lykas Harry Amsterdam, Tony Brundel, Jelle Talsma en Berend Mink, dy't allegearre fûnen: dit skip moat wer farre, om't in histoarysk skip is. It hat tal fan wedstriden wûn. Doe is it keppele oan in lear-wurk trajekt fan de gemeente Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel.

Age Veldboom oer it lear-wurktrajekt

Oan it lear-wurktrajekt dienen minsken mei ôfstân ta de arbeidsmerk mei. Dêr siet ek in Syryske man by, dy't yn Syrië in skildersbedriuw hie. Troch oan it projekt mei te wurkjen, hat er de taal better leard.

"Ek ha in hiel soad jongelju in fak leard. Se learden izer bewurkjen, lykas laskje en klinken en hout- en skilderwurk. Se ha it skip wer opboud en de ien nei de oar hat dêrnei wer in baan krigen. Sa snijt it mes oan twa kanten."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Veldboom is grutsk op it resultaat. It skipke waard freed te wetter litten, dêr wie ûnder oaren boargemaster Crone by oanwêzich.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma yn petear mei meiwurkers oan it projekt

Trefwurden: 
Grou Age Veldboom beurtskip
(Advertinsje)
(Advertinsje)