Earste serieuze test lûdsmjitnet fleanbasis Ljouwert smyt tefreden reaksjes op

12 apr 2019 - 15:57

De earste serieuze test fan it lûdsmjitnet om de fleanbasis Ljouwert hinne is slagge. De ôfrûne fjirtjin dagen waard op de basis de grutte ynternasjonale oefening Frisian Flag hâlden. Alle dagen wiene der sa'n hûndert starts en lâningen. It smiet fuort al in skat oan ynformaasje op. De kommende tiid wurdt dy ynformaasje brûkt om it lûdsmjitnet fierder te optimalisearjen.

Anton den Drijver, âld-kommandant fan de fleanbasis Ljouwert en adviseur fan it lûdsmjitnet is optein. "We kregen al vrij snel het verzoek van omwonenden om microfoons bij te plaatsen. We hebben er twee, drie extra weten te plaatsen." It net is al in oantal wiken aktyf en de fleantugen, startbanen en lûdsmjitpunten binne te sjen op in spesjale webside.

De ûntwikkelers fan it lûdsmjitnet binne drok dwaande om alles ôf te stellen, sadat der in goed byld ûntstiet. Den Drijver: "Dan heb je testgegevens nodig. Normaal gaan er op een dag zo'n tien toestellen weg. Dan ben je maanden bezig om alles goed af te stellen. Deze oefening is dan ideaal met al die starts en landingen."

Webside drok besocht

Gerard Veldman fan doarpsbelang Jelsum-Koarnjum is ek tefreden. "Ja, it hat twa wiken draaid no en ik hear dat in soad minsken de webside brûke. We ha it hjir yn Jelsum en Koarnjum aardich foar de kiezzen hân. Hast alle starts giene oer it doarp hinne. Dat is de ynfloed fan de 'weergoden'."

Yn it doarp is goed nei de webside sjoen, fernimt Veldman. "Ja, elkenien dy't je der oer oansjitte op strjitte, seit dat se sjoen ha nei de side. Dat is allinnich mar goed."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Den Drijver hat de webside mei alle gegevens de ôfrûne wiken goed yn de gaten hâlden. Him is in oantal saken opfallen. "Wat je ziet is een duidelijke spreiding van het geluid en ook de invloed van de omgeving. Neem nou Koarnjum. Als er niet gevlogen wordt, zie je dat er ook veel omgevingsgeluid is, dat er dichtbij een drukke weg ligt. Er is een hoge standaardwaarde, dus geluidsbelasting, als er niet gevlogen wordt. En je ziet ook de invloed van de wind. Het kan hard waaien."

As âld-basiskommandant falle him ek oare saken op. "Zo zie je dat toestellen soms de route aanpassen om aan de regels te voldoen. Bijvoorbeeld om goed uit te komen voor de landing. Dat zie je dan terug in het meetnet."

Lûdspiken

Ek Veldman is in pear saken opfallen: "Je sjogge dúdlik dat it iene tastel echt mear leven makket as it oare. Der binne echt piken, lykas ôfrûne tiisdei. Doe wie der in tastel dat de 120 dB oantikke. Dat is best lûd. De measte sitte om de 110 hinne."

Der is noch romte foar ferbettering, seit Den Drijver. Sa moatte de fleantugen sichtberder wurde. Mei ien klik moatte je sjen kinne hokker tastel der yn de loft hinget.

Eurofighter Typhoon - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Op de fleanbasis Ljouwert is ek nijsgjirrich meisjoen nei de resultaten fan it lûdsmjitnet. Basiskommandant Arnoud Stallmann: "Het is ons heel goed bevallen. Je kunt live meekijken wat er gebeurt, waar er geluid geproduceerd wordt en hoe dat komt. Het is nog wel te vroeg om conclusies te trekken."

Ien fan de doelen is, om sa iepener te wurden nei de omjouwing ta. "We willen graag goed communiceren met onze omgeving. Als we dat beter doen dan kan het draagvlak, dat al groot is, verder toenemen. Ik hoop dat de openheid daar voor kan zorgen."

Minder klachten

It tal klachten oer Frisian Flag is ôfnommen yn fergeliking mei ferline jier. Dit jier wiene it der oant freedtemoarn tsien oere 49. By en nei de oefening fan ferline jier kamen der 89 klachten binnen.

Freedtemoarn is de lêste oefenmissy flein. De measte bûtenlânske dielnimmers binne yntusken wer nei hûs gien.

(advertinsje)
(advertinsje)