SC Hearrenfean mei nije trainer tsjin FC Grins: "Nu moeten wij reageren"

Hearrenfean stiet nei 29 wedstriden op in tsiende plak yn de earedifyzje. Ofrûne snein levere de ploech de safolste wanprestaasje fan dit seizoen troch kânsleas te ferliezen fan degradaasjekandidaat FC Emmen (2-0). Neffens technysk manager Gerry Hamstra wie dat net langer in ynsidint, mar wie der sprake "van een patroon". Trainer Jan Olde Riekerink krige dien en Johnny Jansen is foar de lêste fiif kompetysjewedstriden nei foaren skood as syn ferfanger.
Hearrenfean - Grins foarskôging Janssen
"Het ontslag van Olde Riekerink kwam voor mij als een verrassing. In eerste instantie ben je dan murw geslagen, maar dan dan komt ook de vraag of wij het als staf willen overnemen. En dat wil ik. Ik ben al zolang bij deze club en ik voel de verantwoordelijkheid om dat te doen. Dit is wat ik altijd in de toekomst wilde, en dat is nu in een stroomversnelling geraakt", seit Jansen.

Boetekleed

Ek foar oanfierder Stijn Schaars kaam it op non-aktyf setten fan Olde Riekerink as in ferrassing. "Wij moeten als spelers het boetekleed aantrekken voor de matige prestaties van de afgelopen weken. Het is heel makkelijk om te wijzen, maar we moeten vooral bij onszelf te rade gaan. De trainer is er nu uit, nu moeten wij reageren", sa seit Schaars.
"Ik denk dat er vanuit de club zoiets is van als we nog iets willen en we zeggen het vertrouwen in de trainer op, dan moeten we het nu doen. Want na Groningen hoeft het niet meer. Tegen Groningen moet er gewoon gewonnen worden."

Winterstop

FC Grins is nei de winterstop dwaande mei in knappe searje. Yn totaal pakte de ploech fan trainer Danny Buijs al 26 punten, tsjinoer 15 punten yn de earste seizoenshelte. Dochs wit Grins mar dreech it doel te finen. Sa skoarde se yn de lêste fiif wedstriden mar trije kear, mar tsjin ADO Den Haag, De Graafschap en Excelsior smiet dat wol de folle winst op.
Hearrenfean - Grins foarskôging Schaars
Freedtemiddei hat Jan Olde Riekerink ôfskie naam fan de spilers en de technyske stêf. Syn perioade by SC Hearrenfean wie gjin sukses. No is it oan Johnny Jansen om de lêste fiif wedstriden dielname oan de play-offs feilich te stellen. Johnny Jansen stie freedtemiddei foar it earst as nije ferantwurdlike man foar de groep op it trainingsfjild.
"Er moet gewoon iets veranderen qua speelstijl. Het was de laatste vier wedstrijden te mat. We willen dat er tegen Groningen een ploeg staat waarmee de mensen zich kunnen identificeren. We gaan stinkend ons best doen om dat voorelkaar te krijgen", seit Jansen.

Skoaringsprobleem

Hearrenfean ferlear trije fan de lêste fjouwer kompetysjewedstriden. En wat ek soarchlik is: de ploech komt mar dreech ta skoaren. Ien doelpunt yn de lêste fjouwer wedstriden. "Daar ligt wel een deel van ons probleem", seit oanfierder Schaars.
"We weten precies wie het voorin voor ons moeten doen (Lammers en Vlap, red.) maar die hebben het nu even niet. Dat zij doelpunten kunnen maken en kansen kunnen creeëren, dat hebben we allemaal gezien. Alleen moet dat nu wel weer gaan gebeuren."