Trije fergeze festivals Drachten fierder as In De Tuin

12 apr 2019 - 15:14

Poppoadium Iduna yn Drachten organisearret takom simmer ûnder de namme In De Tuin trije aparte fergeze festivals op trije dagen efterinoar yn juny. De ôfrûne jierren hie Iduna yn it Thalenpark trije losse festivals op ferskate mominten yn de simmer.

Foto: ANP

In De Tuin wurdt holden op freed 7, saterdei 8 en snein 9 juny. It is de opfolger fan it rock-/bluesfestival Jûn fan Peije, dancefestival Dencity en fan Popcity. De genres komme werom op it nije festival, mar dan yn it ramt fan In De Tuin.

De earste ferneamde nammen binne DeWolff, Donnie en Sabrina Starke. De folsleine line-up moat noch bekend makke wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)