PvdA: "Vier jaar Forum, VVD, CDA en FNP willen we Fryslân niet aandoen"

12 apr 2019 - 15:07

"Vier jaar Forum voor Democratie, VVD, CDA en FNP willen we Fryslân niet aandoen." Dat sei Hetty Janssen fan de PvdA-fraksje yn Provinsjale Steaten. Dêrom sil de PvdA sjen oft sy in koälysje foarmje kinne mei CDA, VVD en FNP. Sûnder Forum dus.

In koälysje fan de oare fjouwer partijen sûnder de PvdA hie neffens Janssen net goed west. "Dan worden er geen stappen gezet op de klimaatproblematiek en de energietransitie."

Net mei GrienLinks

Yn it foar hie de PvdA mei ûnder oare GrienLinks ôfpraat om mei-inoar besykjen in grien kolleezje te foarmjen. No komt der dus nei alle gedachten in kolleezje sûnder oare 'griene' partij. Hie de PvdA net better wachtsje kinnen? Dan hiene de oare partijen miskien wol net mear om PvdA en GrienLinks hinne kinnen. "De andere partijen hadden echt constructieve gesprekken met Forum. Zij waren best tevreden met de ideeën van Forum op het gebied van windenergie. Dat heeft voortdurend boven de markt gehangen." En dêrom koe de PvdA nei eigen sizzen net wachtsje.

Janssen fynt net dat se in ôfspraak mei GrienLinks skeind ha. "We wilden proberen een groen college te vormen. Maar de verkiezingsuitslag maakte dat niet mogelijk. We zijn allebei vrij om in het college te stappen zonder de ander."

Romte foar doarpsmûnen

Watfoar kolleezje wurdt it aanst? Wat PvdA oanbelanget mei in oar belied as de ôfrûne fjouwer jier. "Ik heb er echt vertrouwen in dat er de komende vier jaar andere accenten liggen", seit Janssen. "De FNP heeft bijvoorbeeld aangegeven dat er ruimte is om binnen bepaalde marges ruimte te geven aan de dorpsmolens. Dat gecombineerd met onze wens om oude molens te saneren."

In oar grut ûnderwerp dêr't de partijen ûnder lieding fan ynformateur Van der Molen oer praat ha, is de feangreideproblematyk. "Een robuust watersysteem en vernatting van het systeem wordt belangrijk", seit Janssen. "We kunnen elkaar daarin vinden. We kijken ook naar economische mogelijkheden voor boeren. Draagvlak is mooi, maar we moeten ook resultaten boeken."

Aardich wat yn te bringen

Janssen hat der betrouwen yn dat har partij aardich wat yn te bringen hat yn de koälysje, mear as de SP de ôfrûne jierren. "We zijn de tweede partij, we hebben een stevige positie bij de onderhandelingen. Ze hebben ons nu echt nodig, dus we gaan er een stevig groen coalitieprogramma uitslepen."

Wa't de deputearre fan de PvdA wurde moat, wit Janssen noch net. "Dat hangt af van welke portefeuille we krijgen. We willen een gedeputeerde die deskundig is op een portefeuille."

(advertinsje)
(advertinsje)