Moadeketen Sissy-Boy mei winkel yn Ljouwert fallyt

12 apr 2019 - 14:50

Moadeketen Sissy-Boy, mei ek in fêstiging yn Ljouwert, is freed troch de rjochtbank yn Amsterdam fallyt ferklearre. It bedriuw, mei sa'n 45 winkels yn Nederlân, België en Lúksemboarch, hat al langere tiid te krijen mei finansjele problemen.

Foto: Google Street View

De ferkeapen falle bot ôf; de ûndernimming hat earder dizze moanne al útstel fan betelling oanfrege. Der wurkje goed seishûndert minsken by Sissy-Boy, foar in grut part yn dieltiid.

Trefwurden: 
fallyt Sissy-Boy
(Advertinsje)
(Advertinsje)