Tall Ships Races komme yn 2022 wer nei Harns

De Tall Ships Races, it grutste sylevenemint foar trainees, komme yn 2022 wer nei Harns. Dat hawwe de Stichting Harlingen Sail en de gemeente Harns freed bekend makke. Earder wiene de Tall Ships Races yn 2014 en 2018 al yn de Fryske havenstêd te sjen.
© Gemeente Harns
De gemeente Harns makke ein jannewaris bekend it sylevenemint oer trije jier graach wer nei de stêd te heljen. De gemeenteried stelde dêr earder al in bedrach fan 500.000 euro foar beskikber.

Rûte noch net bekend

Hokker oare stêden dielnimme en hokker plak Harns krekt ynnimt yn de rûte, is noch net bekend. Boargemaster Roel Sluiter is ynnommen mei it nijs. "Ik bin tige bliid dat it slagge is en dat wy der yn elk gefal wer by sitte."