Wurkstraf foar Easterwâldster (27) dy't jild pinde foar oplichter

12 apr 2019 - 13:57

In 27-jierrige man út Easterwâlde is freed troch de plysjerjochter feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren. De Easterwâldster hat ferskate kearen jild pind foar in ûnbekende man, dat ferkrigen wie troch oplichting.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man hat jild pind mei in stellen pas. Fan de ûnbekende man, dy't nei alle gedachten minsken fia Marktplaats oplichte, krige er foar elke transaksje tsien euro. Yn twa dagen tiid hat er foar de man goed 7.200 euro ophelle.

Skeaclaims

Om't er troch befeiligingskamera's filme wie, koe de man oppakt wurde. De Easterwâldster draait op foar de skea; acht dupearren tsjinnen skeaclaims yn fan totaal sa'n 2.200 euro.

Trefwurden: 
rjochtbank oplichting jild
(advertinsje)