Freedsmerk: leaver de auto of de trein?

12 apr 2019 - 13:32

Der moatte mear minsken de trein yn, seker op de langere ôfstannen yn ús lân. Om de reistiid te ferkoartsjen wurdt dêrom flink ynvestearre yn it spoar en wurde knyppunten - lykas by Zwolle - oanpakt. Mar soe it ècht helpe de Friezen de trein yn te krijen? We fernamen dernei op de Ljouwerter freedsmerk.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Freedsmerk: leaver de auto of de trein?

"Ik kom nea yn de trein. Ik ha in djoere auto foar de doar en dy bringt my oeral dêr't ik wêze wol". It wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de ekstra ynvestearringen yn it spoar en de knooppunten, lykas by Zwolle. Mar oft dat genôch wêze sil om Friezen de trein yn te krijen as se nei it westen wolle, is noch mar de fraach.

"Mei de auto bist folle mobiler, hast sels de tiid yn 'e hân en kinst goedkeap mear minsken of bagaazje meinimme", neamden de autoleafhawwers. "As ik fan Jistrum nei Amsterdam sil mei it iepenbier ferfier, moast ris sjen wat in gedoch dat is. Dat is gjin opsje!"

Trein: rêst en gemak

Foarstanners wiisden op de rêst en it gemak, dat jo yn it sintrum útstappe kinne en net om in parkearplak hoege te sykjen. "En te djoer? Ik keapje de oanbiedingskaartsjes by it Kruidvat of Blokker!"

De tasseman fertelde dat hy hielendal net nei Amsterdam wòl: "Het is daar altijd weer spannend of alles nog wel in de auto ligt als je terug komt...!" De blommeman hâldt it by de fyts. "Amsterdam is my te drok en te fier fuort. En hjir kin ik oeral wol mei 't fytske komme!"

Trefwurden: 
auto trein freedsmerk
(advertinsje)