HEA! Juf Anne Osinga (76) stiet noch altyd foar de klasse
Se hat de pensjoenrjochtige leeftiid al lang berikt, mar noch altyd stiet se mei in soad wille foar de klasse. Frou Anne Osinga fan Dokkum is 76 jier en wurdt noch geregeld frege om yn te fallen as juf op in basisskoalle. En dan mei se de bern graach fertelle oer har reis nei Sina.