Brânwacht Ljouwert rydt út foar kat op dak

12 apr 2019 - 13:14

De brânwacht hat freedtemiddei yn Ljouwert in kat fan in dak helle. It bistke wie op it heechste puntsje fan in dak oan de Heslingastins klommen en doarde der net mear ôf te kommen. Mei in heechwurker hat de brânwacht it bist rêden.

Foto: Kappers Media

De kat wie behoorlik wyld. De brânwacht moast him goed beet hâlde, om't it bist út de heechwurker springe woe. Doe't de heechwurker by de grûn wie, naaide de kat út.

Trefwurden: 
Ljouwert kat dak
(advertinsje)