Protokol wurkmaatskippij Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel ferskerpe

12 apr 2019 - 12:28

Foar it oannimmen en ynhieren fan personiel by de wurkmaatskippij Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel is in ferskerpe protokol fan krêft wurden. Dat fertelde wethâlder Harjan Bruining fan Achtkarspelen tongersdei by de gemeenteriedsgearkomste.

De riedseal fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It protokol makket ûnderdiel út fan in ferbetterplan om de wurkmaatskippij fan de buorgemeenten goed op oarder te krijen. It gearwurkingsferbân kampte foarich jier mei in miljoeneferlies.

It totale tekoart bedroech goed 1,7 miljoen euro. Hjirfan komt 890.000 euro foar rekken fan Achtkarspelen. Tytsjerksteradiel moat - op basis fan de ûnderlinge ferdielkaai - 830.000 euro bypasse. In grut part fan it ekses waard feroarsake troch ekstra personielskosten.

(advertinsje)
(advertinsje)