Einadvys ynformateur: koälysje fan CDA, PvdA, VVD en FNP

In koälysje fan CDA, PvdA, VVD en FNP yn Provinsjale Steaten: dat is it einadvys fan ynformateur Harry van der Molen, dat freedtemiddei bekend makke waard op it Provinsjehûs. Hy advisearret dat dizze partijen ûnder lieding fan in noch te beneamen formateur ûnderhanneljen gean oer in koälysje-akkoart.
Harry van der Molen
De fjouwer partijen hawwe mei-inoar 22 fan de 43 sitten; in minimale mearderheid. Fanwegen de goeie ferhâldingen dy't der yn de ôfrûne perioade yn 'e Steaten wiene, ferwachtet Van der Molen dat de partijen mei-inoar foldwaande draachflak hawwe: "Se ha yn alle gefallen mei-inoar in petear hân om te sjen oft der genôch romte is byinoar. Se moatte it gefoel ha dat se derút komme kinne. Dat gefoel is der."

Fraachtekens oer Forum

It advys fan de ynformateur betsjut dat Forum voor Democratie, de op ien nei grutste partij nei de ferkiezingen, bûten de boat falt. Listlûker Maarten Goudzwaard fan Forum hat oant no ta noch net reagearre op it advys fan ynformateur Harry van der Molen.
It wie neffens Van der Molen net sa dat sy gjin kâns hiene: "CDA, VVD, FNP en Forum voor Democratie ha hiel iepen petearen mei-inoar hân", seit de ynformateur. "Se ha ek hiel pittich diskusjearre oer saken dy't hjir spylje, wêrûnder de enerzjytransysje."
It Provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Oan de ynhâld lei it neffens Van der Molen net. "De partijen hiene wol it gefoel dat se elkoar naderje koene. Mar wolle je ek bestjoerlik ferantwurdlikheid nimme? By CDA, VVD en FNP waarden de fraachtekens grutter oer Forum, as it giet om saken dy't noch op Fryslân ôf komme", formulearret Van der Molen it kryptysk.

Fiif deputearren

It is de bedoeling dat der in kolleezje komt mei fiif deputearren, dêr't it CDA as grutste partij der twa leveret.
Foar Van der Molen sit it wurk as ynformateur der no op. It Twadde Keamerlid fan it CDA sil no syn tiid wer benammen trochbringe yn Den Haag. "It wie geweldich om te dwaan, mei in hiel soad stipe út it provinsjehûs."

Foarige koälysje

De ôfrûne fjouwer jier bestie de koälysje út CDA, FNP, SP en VVD. Dy hawwe no mei-inoar noch mar achttjin sitten yn 'e steaten.
It CDA wûn de Provinsjale Steateferkiezingen op woansdei 20 maart. Sy bliuwe de grutste partij en ha de kommende fjouwer jier acht sitten. Dêrnei komme Forum voor Democratie en PvdA mei elk seis sitten. De folsleine list mei sitten: