Hege boukraan falt om yn Noardwâlde

12 apr 2019 - 11:56

By nijbouwurksumheden oan de Rotanstraat yn Noardwâlde is freedtemoarn in boukraan omfallen. De tsientallen meters hege kraan tilde in grutte betonnen plaat omheech. Doe soe de kraan in beam rekke ha, wêrtroch't er omfoel. De kraan kaam yn in tún telâne. Der rekke gjinien ferwûne.

Hege boukraan falt om yn Noardwâlde

De kraan foel yn in tún fan in wenning oan de Van der Tuukstraat. De wenning dy't boud wurdt rekke skansearre. Hoe't it krekt barre koe, is net bekend. De boukraan wie nij, it boubedriuw hie de kraan fiif moannen yn gebrûk.

Der wurdt in ûndersyk ynsteld nei de tadracht.

Trefwurden: 
Noardwâlde boukraan omfallen
(Advertinsje)
(Advertinsje)