Agraryske kollektiven begjinne mei it monitoarjen fan stienmurden

12 apr 2019 - 11:21

Begjin april hawwe seis agraryske kollektiven wyldkamera's pleatst by greidefûgelnêsten. Dêrmei kin achterhelle wurde wat de ynfloed is fan stienmurden yn de predaasje fan de nêsten. Ferspraat oer tsien greidefûgelgebieten binne yn totaal fjirtich wyldkamera's pleatst. Dizze meitsje sawol oerdeis as nachts in foto wannear't der beweging foar de lins waarnommen wurdt.

Foto: Wikipedia

Yn de ôfrûne jierren is it oantal stienmurden foars tanaam. Der wurdt tocht dat yn in oantal greidefûgelgebieten de stienmurd in grut diel fan de greidefûgelaaien opyt. Mooglik sels mear as de foks. Oft dat echt sa is, wurdt no mei kameramonitoaring fêststeld.

As nei ôfrin fan it briedseizoen fêststiet dat de stienmurd in wichtige rol spilet by de predaasje fan greidefûgelnêsten, wolle de kollektiven foar de oanbelangjende gebieten tegearre mei oare belutsen partijen sjen oft der fia de Faunabeheereenheid in ûntheffing foar it fangen en deadzjen oanfrege wurde kin.

Ferskillende manieren fan greidefûgelbehear

Yn de oanbelangjende gebieten wurdt al op ferskate manieren útfiering jûn oan greidefûgelbehear. Dêrby giet it ûnder oare om it letter meanen fan (krûderike) perselen, behear fan plasdras en/of it ferheegjen fan sleatwetterpeilen en it behâld fan de lânskiplike iepenheid.

Der wurde ûnder oare kamera's pleatst by De Warren by Balk, it Skrins- en Skrok-gebiet, by Idzegea en by Jirnsum.

Briedsukses bliuwt achter

Nettsjinsteande dizze ynvestearringen en ynspanningen bliuwt it briedsukses yn in part fan de greidefûgelkearngebieten achter. Provinsje Fryslân fasilitearret it monitoarjen troch de saakkundigens fan ekologyske advysburo's beskikber te stellen en de wyldkamera's yn brûklien te jaan.

Trefwurden: 
stienmurd wyldkamera
(Advertinsje)
(Advertinsje)