Jongerein Wommels kiest foar puntdak op it âlde Bogerman

12 apr 2019 - 10:29

In grut diel fan de jongerein yn Wommels kiest foar in klassyk hûs mei in puntdak. Dat docht bliken út in ûndersyk fan in buro út Grins yn opdracht fan Doarpsbelang Wommels. Sy wolle graach dat der mear betelbere wenten foar jongerein yn it doarp komme.

Foto: Doarpsbelang Wommels

It gebou fan it eardere Bogerman College yn Wommels stiet sûnt 2018 leech. Dat wie de oanlieding foar it doarpsbelang om in ûndersyk dwaan te litten. In grut diel fan de ûnderfrege jongerein hat belangstelling foar it wenjen yn dat gebou. Oan it ûndersyk diene mear as 150 jongeren mei.

Oantreklik doarp

Fan alle respondinten wol goed trijekwart ferhúzje. Dat wolle se binnen twa jier dwaan. Itselde part sjocht Wommels as in oantreklik doarp, benammen om't der goede foarsjenningen en busferbiningen binne.

De wenplannen fan Doarpsbelang Wommels wurde by de earstkommende gearkomste fan de kommisje Doarp, Stêd en Omkriten besprutsen. Op 9 maaie nimt de ried fan Súdwest-Fryslân in beslút oer it wol of net fierder ûntwikkeljen fan 'Bogerman 2.0'.

Trefwurden: 
Wommels wenjen
(advertinsje)
(advertinsje)