Nederlânske iishockeyfroulju promovearje mei goud op WK

12 apr 2019 - 10:20

De Nederlânske iishockeyfroulju, mei trije Friezinnen, hawwe promoasje ôftwongen nei difyzje 1A, it twadde WK-nivo. De ploech fan bûnscoach Joep Franke wûn yn Peking ek it fiifde WK-duel tsjin Poalen mei 2-0 en pakte dêrmei goud yn harren kategory.

it Nederlânsk frouljusiishockeyteam - Foto: Nederlânsk IIshockeybûn

Tsjinstanner Poalen hie al trije fan de fjouwer wedstriden op it WK wûn. As se fan de Nederlanners wûn hiene, wiene de iishockeyfroulju net promovearre.

De 17-jierrige Esther de Jong fan It Hearrenfean hie in wichtich oandiel yn de earste Nederlânske treffer. De oare twa Friezinnen binne Hilda Huisman fan It Hearrenfean en Nadia Zijlstra fan Ljouwert.

Difyzje

De difyzje 1A is it op ien nei heechste nivo yn it iishockey by de froulju. De iishockeysters sitte no by de bêste sechstjin lannen fan 'e wrâld. Wolle de Nederlânske froulju trochstreame nei de bêste tsien ploegen op it WK, dan moatte se ek yn 1A promovearje.

Trefwurden: 
WK iishockey
(advertinsje)