Kening wer nei hûs, Koningsspelen komme ta in ein
Kening Willem-Alexander iepene freedtemoarn de Koningsspelen op De Lemmer. De kening skoode op basisskoalle De Arke oan by it moarnsbrochje en joech dêrnei it startskot foar ferskate sportaktiviteiten. Ek minister Bruno Bruins wie by de iepening op De Lemmer.
Ein liveblog
Hjirby slute we it liveblog ôf. De Kening is wer nei hûs en de Spelen binne ta in ein kaam. De bern kinne tefreden weromsjen op in dei fan wille en sportiviteit.
Kening Willem-Alexander giet wer fuort
Kening Willem-Alexander fermakket him bêst
Sa waarden de Koningsspelen iepene
De bern telden ôf nei 0
Foar it fêstlizzen fan de aktiviteiten is der in soad media
De Koningsspelen binne iepene
Foar de 7e edysje wurdt ôfteld fan 7 nei nul en binne de Koningsspelen iepene. Dêrnei folget in dûns fan Kinderen voor Kinderen.