Sander Arends nei finale challengertoernoai yn Taiwan

Tennisser Sander Arends hat de finale berikt fan it grutte challengertoernoai yn Taipei, Taiwan. De Ljouwerter, dy't spilet mei syn fêste dûbeldmaat Tristan-Samuel Weissborn, wûn yn in tige spannende wedstriid mei 2-6, 6-3 en 11-9 fan Gonçalo Oliveira en Yasutaka Uchiyama.
© www.orange-pictures.nl
Yn de kwartfinale hiene Arends en Weissborn tongersdei ek al in supertiebreak nedich foar de winst. De start fan de heale finale wie net goed. It Frysk-Eastenrykse koppel krige gjin inkeld breakpoint yn de earste set, mar ferlear wol twa kear de eigen opslach.
Dy eigen opslachgames giene in stik better yn de twadde set. Der wie gjin inkeld breakpoint foar Oliveira en Uchiyama.
Om't Arends en Weissborn sels wol in break makken, moast in supertiebreak de beslissing bringe. Dêryn gie it oant 9-9 gelyk op. By dy stân koene Arends en Weissborn in krusjaal ferskil meitsje.
De tsjinstanner yn de finale is noch net bekend.