Kollum: "Tûke wrâld?"

12 apr 2019 - 08:15

"Der wurde nochal wat beammen kapt yn ús lân. Op de bomenkapmeldpuntwebside kinst melding meitsje as der yn dyn buert allegear beammen ferdwine en der stiet ek in foto út Menaam by. 'De verstening en 'ontboming' is in de gemeente Waadhoeke en met name Menaam- in volle gang', wurdt der by fermeld.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Ast dy side besjochst, dan giet it bêst wol need en yn 'e bosken wurdt ek rigoereus húsholden. Mar neffens Steatsboskbehear is dat nedich om 'een bos gevarieerd en toekomstbestendig te houden voor mens, plant en dier.'

Hoe dan ek, it liket wol dat gemeenten ynienen allegear besletten hawwe brânhout fan beammen te meitsjen. Dêr komt by dat de alternative media wakker seit dat it te krijen hat mei it nije 5G-netwurk. Ik ha it lêst alris koart neamd, mar ik kom it hieltyd faker tsjin. Ek yn kombinaasje mei berjochten oer bisten dy't yn panyk reitsje as se op bepaalde plakken testen dogge mei it 5G.

Op de webside www.melkvee.nl is in artikel dêr't yn stiet dat Fryske feehâlders wolle dat der in ûndersyk komt nei de relaasje tusken it 5G-netwurk en de panyk dy't dit mooglik feroarsaket by kij. Der wurdt tafallich ek in maatskip neamd út Menaam. Twa kear yn twa jier tiid rekke har keppel fan 500 kij yn panyk yn it lân en dy fleagen oeral trochhinne. In pleatslik ynstallaasjebedriuw sei dat se doe testen dien hiene mei it 5G netwurk.

Dat hege beammen obstakels binne foar it sinjaalberik fan it 5G-netwurk, soe komme omdat it sinjaal troch de hegere frekwinsje minder berik hat as 4G. Dêrom binne der ek mear stjoermêsten nedich. Mar tefolle hege stjoermêsten soene wolris op wjerstân stuitsje kinne en dêrom ferwurkje se dy yn bygelyks bushokjes en strjitlampen sadat se minder opfalle. Der is neffens my noch gjin bewiis dat it wier is, mar apart is it wol.

Mei it nije 5G giet it ynternet noch flugger en libje we aanst yn in 'smart world'. Kuolkasten, auto's meters, ensfh. binne online en oeral mei inoar ferbûn. Mar de frekwinsje fan de strieling wurdt dus al heger en se witte net presys hokker effekt dat hat op ús sûnens. Dêr komt by dat guon lju ek sizze dat dizze mikrogolven aanst ús gedachten behearskje kinne en dêr bin ik eins wol benaud foar.

Ik ha no serieus al in pear kear meimakke dat ik op Facebook advertinsjes foar myn noas krige fan dingen dêr't ik allinnich noch mar oan tocht ha. En ik ha dêr al mear minsken oer heard. Ik fyn soks mar nuver en ik hoopje dan ek dat der djipgeand en ûnôfhinklik ûndersyk nei dien wurdt.

Yn in lang ferline wiene de minsken al op 'e hichte fan de leylinen ûnder de grûn. Dat binne bepaalde energetyske banen dêr't se eartiids rekken mei holden as se bouwe woene. Alde hillichdommen binne eins altyd boud op plakken dêr't sokke banen by inoar komme. Dêr is positive enerzjy, wylst ierdstrielen faak negative enerzjy jouwe.

Se sochten dizze banen mei wichelroeden of bisten. Hûnen, hynders en kij lizze graach op positive enerzjy, wylst katten faak de negative opsykje. Der wurdt sein dat it plak dêr't de okse him deljoech, in posityf plak wie. Hjoeddeis wit hast nimmen mear eat fan dizze âlde wiisheid ôf en dochs koene we no wolris spikerhurd mei de noas op 'e feiten drukt wurde.

Want as in keppel kij massaal útbrekt en dus op dat plak perfoarst net wêze wol, dan seit dat neffens my in hiele soad. Ik kies yn sa'n gefal leaver foar de âlde wiisheid as foar de tûke wrâld."

(advertinsje)
(advertinsje)