Kening Willem-Alexander iepene freed Koningsspelen op De Lemmer
Kening Willem-Alexander iepene freedtemoarn om 09:00 de Koningsspelen op De Lemmer. Under oare boargemaster Fred Veenstra, minister fan sport Bruno Bruins en inisjatyfnimmer fan de Koningsspelen Richard Krajicek wiene oanwêzich om de kening wolkom te hjitten.
De bern op 'e Lemmer hiene in folslein programma taret foar de kening. Earst mocht de kening oanskowe by it Koningsontbijt, wêrnei't de Koningsspelen offisjeel fan start koene mei it nûmer Pasapas fan Kinderen voor Kinderen. Ek brocht kening Willem-Alexander noch in besite oan de sportaktiviteiten op it skoalplein fan De Arke.
Omrop Fryslân docht fansels ferslach fan dizze hege besite: fia de radio, ús webside en de Omrop-app.
Wetter as tema
De Koningsspelen hawwe as doel om oan bern sjen te litten dat bewege wichtich, mar boppedat ek aardich is. Sûnt 2013 wurde de Koningsspelen alle jierren organisearre op de lêste freed foar Keningsdei. Om't de skoallen fanwegen de maaie-fakânsje dan sletten binne, is de datum dit jier ferskood.
Dat de kening dit jier ús wetterrike provinsje oandocht foar de Koningsspelen, is net hiel nuver. It tema fan dizze Koningsspelen is wetter drinke.