Skoallefytstocht: 1.000 bern stappe freed op de fyts

Foar de tredde kear hâldt it Fytsersbûn Fryslân de skoallefytstocht op de dei fan de Koningsspelen. De belangstelling fan út de skoallen om mei te dwaan, groeit. Dit jier dogge 13 skoallen en sa'n 1.000 skoalbern mei. It is dêrmei neffens it Fytsersbûn de grutste fytstocht fan Nederlân.
Fytspaad © Shutterstock.com
De totale rûte is sa'n 60 kilometer, mar bern kinne ek kieze foar in koartere rûte. Spesjaal foar de fytstocht giet it pontsje Wynser Oerset earder yn de feart. De tocht is bedoeld om skoalbern bewege te litten, mar ek om se by te bringen hoe't je as fytser feilich dielnimme oan it ferkear. Op drokke punten wurde ferkearsregelers ynset.
Kees Mourits fan it Fytsersbûn Fryslân sjocht der nei út. "Het aantal deelnemers groeit. Vorig jaar deden tien scholen mee, dit jaar dertien. Maar ook de scholen die eerder meededen doen weer mee. Dat is ook een goed teken."
Ferskillende rûtes
Der binne ferskillende rûtes, de koartste is 10 kilometer en de langste 60 kilometer. Bern kinne sels kieze oft se de lange of koarte rûte nimme. "Vorig jaar merkten we dat ze de route van 10 kilometer hadden gekozen, maar als ze eenmaal aan het fietsen zijn, ze vaak wel twee keer zoveel fietsen dan dat ze van plan waren."
It doel fan it Fytsersbûn is dat bern ûnderfining krije yn it ferkear. "Door veel te fietsen word je vaardiger op de fiets en heb je veel meer tijd om op verkeerssituaties te letten", seit Mourits.
Kees Mourits fan Fytsersbûn Fryslân oer de fytstocht foar skoalbern