'SC Hearrenfean-ferdigener Pierie tekenet foar fiif jier by Ajax'

SC Hearrenfean-ferdigener Kik Pierie tekenet foar fiif jier by Ajax. Dat meldt De Telegraaf. De 18-jierrige fuotballer wie tongersdei op Sportpark De Toekomst om syn transfer nei de Amsterdamske klup ôf te rûnjen. Pierie ûndergie dêr ûnder mear in medyske keuring.
© www.orange-pictures.nl
Ajax en SC Hearrenfean wiene al in pear wiken yn ûnderhanneling oer de jeugdinternational, dy't syn oplieding by de Fryske earedifyzjonist dien hat. De ferdigener, dy't ek de Amerikaanske nasjonaliteit hat, beskikt yn Fryslân noch oer in kontrakt oant de simmer fan 2020. De Amsterdammers betelje in transfersom fan minimaal 4 miljoen.
Pierie is dwaande mei syn twadde seizoen yn it earste alvetal fan SC Hearrenfean. Oant no ta kaam er ta 66 optredens en skoarde er twa kear.