FIDEO: "Ik praat in soad oer it hurdfytsen mei heit"

12 apr 2019 - 11:50

"Watfoar fytser ik bin, wit ik sels eins ek noch net." Dat seit Nicole Steigenga fan Eksmoarre. Se is 21 jier en hurdfytster. Mar watfoar ien? Dat is se noch oan it útsykjen. "In sprinter bin ik yn alle gefallen net. Etappekoersen, bergen, ik moat it noch sjen." Gelokkich is Steigenga ien fan de jongste hurdfytsters yn it peleton. En ien fan de grutste talinten.

Nicole Steigenga ynternet

Se is 21 jier, mar se is al trije jier lang in 'eliterenner'. Dat betsjut dat se al trije jier mei de bêste hurdfysters meirydt. "Ik bin noch jong, mar dochs fielt dat net altyd sa. En dat komt dan fansels trochdat ik no al trije jier meidoch."

Steigenga fytst foar de Italiaanske ploech BePink. In UCI-ploech, wêrtroch't se oan hast alle grutte koersen meidwaan mei. Mar oan de Healthy Ageing Tour, in koers fan seis dagen troch Noard-Nederlân, docht har ploech lykwols net mei.

Dêrom rydt se no mei National Team Nederland, ûnder lieding fan bûnscoach Loes Gunnewijk. Se is sels âld-wrâldkampioen tiidriden. "Nicole is absoluut een talent. Zoals ze zelf zegt, moet ze nog even uitzoeken wat voor renster ze is, maar dat is heel normaal op deze leeftijd. Tijdens een koers als deze is het een kwestie van lekker koersen, brutaal zijn en aanvallen."

Foto: Orange Pictures

Heit Sierd Steigenga

Nicole har heit hat ek hurdfytster west. Ynternasjonaal is er net trochbrutsen, mar hy hat yn Nederlân wol in soad kriteariums wûn. "Heit skept noait sa op oer wat er allegearre wûn hat. Ik praat wol in soad oer it fytsen mei him. Heit hat altyd in soad moaie ferhalen dêroer. Mar ek tips dêr't ik echt in soad oan haw. Dêr bin ik wol bliid mei."

As de koersen yn de buert binne, lykas no en ferline wike mei de Ronde van Vlaanderen (Steigenga helle de finish dêr net), rydt heit Steigenga har faak nei de races ta. En yn it wykein, as der gjin koersen binne, is se thús. "Ik haw in keamer op Papendal. Dêr studearje ik fysioterapy."

Mei help fan de stúdzjebeurs kin se it allegearre in bytsje betelje. Want yn tsjinstelling ta it manljusfytsen, is it net bepaald in fetpot. "It is net sa dat ik der in hûs of myn bôle fan keapje kin. Dat is by de froulju echt hiel oars."

Nicole Steigenga ynterview

Giro Rosa en Valencia

Neffens Steigenga is har hichtepunt oant no ta har oerwinning yn Valencia yn de Setmana Ciclista Valenciana. Dêr kaam se solo oer de finish. Yn 2018 ried se ek de Giro Rosa. "Dat is by de froulju de grutste koers. Dat je dêr oan meidwaan meie, is al hiel wat. Us team mei dit jier wer meidwaan, mar ik wit noch net oft ik dit jier wer meigean."

Foto: Orange Pictures

Healthy Ageing Tour

Steigenga joech tongersdei yn de twadde etappe fan de Healthy Ageing Tour lange tiid kleur oan de wedstriid. De Friezinne siet tegearre mei de Dútsers Mieke Kröger en Romy Kasper, dy't úteinlik respektyflik as earste en twadde oer de finish kamen, yn de kopgroep, mar moast harren 13 kilometer foar de finish gean litte. Steigenga waard úteinlik 49e op 29 sekonden fan de winneres.

Anouska Koster fan De Westereen waard 16e op 17 sekonden fan Kröger. Sy stiet nei twa etappen njoggende yn it algemien klassemint op 11 sekonden fan de Finske lieder Lotta Lepistö. Steigenga nimt mei in efterstân fan 4.40 minuten it 37e plak yn.

Sjoch op de webisde fan Procyclingstats nei alle resultaten fan Nicole Steigenga oant no ta.

(Advertinsje)
(Advertinsje)