Lânskipsbehearders sitte mei grut dilemma: beammen wol of net omseagje?

11 apr 2019 - 20:24

Natuerorganisaasje Natuurmonumenten hat safolle krityk krigen op it omseagjen fan beammen, dat se dêrmei ophâlden binne. Se stean op it stuit foar in dillema: wol delhelje sadat oare planten en struken harren ûntwikkelje kinne of net omseagje en krekt mear beammen plantsje, want dy slaan it skealike CO2 op.

Steatsboskbehear sit mei itselde probleem. Alle kearen moatte se wer in ôfwaging meitsje: kinne se beammen fuorthelje of moatte se se stean litte omdat se sa needsaaklik binne. It omseagjen fan beammen smyt bytiden emosjonele reaksjes op, lykas yn 'e Blauwe Bosk by Haulerwyk. "Beammen jouwe in protte emoasje. Minsken freegje ús: Wêrom dogge jimme dit?", seit boskwachter Roel Vriezema.

Dochs binne der neffens de natuerorganisaasjes goede redenen om beammen te kappen. Vriezema: "Heide is der net folle mear yn Fryslân. Dêr binne wy sunich op. Reptilen, amfibyen en flinters en adders sitte der. Dêr leit ek in stikje heide" seit er, wylst er nei links fan him wiist. "Wy kappe dit stikje bosk, sadat de dieren fan de iene kant nei de oare kant komme kinne."

Trefwurden: 
Natuurmonumenten beam
(advertinsje)
(advertinsje)