Omgean mei it ferlies fan dierberen as dûnsfoarstelling

11 apr 2019 - 18:55

"Wat ik in mijn hart bewaar, raak ik nooit meer kwijt. Mijn hart klopt na een jaar nog altijd, in het ritme van jouw liefde." Dat skreau Marloes Schreur in jier nei de hommelse dea fan har grutte leafde Jocco. No hat se der mei goreograaf Marlien Seinstra in dûnsfoarstelling fan makke: Rauw.

Schreur rekke net allinnich har man kwyt: flak dêrfoar ferlear se ek har heit. Yn de foarstelling Rauw sjogge we troch Schreurs eigen nei de rouferwurking. Marlien Seinstra is net allinnich de goreograaf fan it stik, se is ek in goede freondinne fan Schreur.

Jocco Eijssen, de man fan Schreur, wie ien fan de lieders fan LF2018. Hy ferstoar oan in hertoanfal. Yn de tiid dêrnei hat Seinstra Schreur bystien. Yn dy perioade ûntstie it idee foar dizze foarstelling. Schreur hat de foarstelling no in pear kear sjen litten oan minsken. Sy wurde altyd rekke troch it ferhaal. It hâldt de sjoggers in spegel foar.

De foarstelling Rauw wurdt fjouwer kear opfierd yn Theater Romein: op freed 12 april, sneon 13 april (twa kear) en snein 14 april. Dy foarstellingen binne folslein útferkocht.

Yn septimber wurdt it stik opfierd yn 'e Ljouwerter Bosk. Dêr binne noch wol kaarten foar te bestellen.

(advertinsje)