Mear apparteminten, minder gewoane huzen ferkocht

Der binne de ôfrûne trije moanne 30 prosint mear apparteminten ferkocht yn Fryslân as yn it lêste fearnsjier fan 2018. Dat docht bliken út sifers fan makelersferiening NVM. Nei alle gedachten komt dat trochdat rike partikulieren apparteminten keapje as belizzing. Se gean dan yn de ferhier, omdat dat troch de lege rinte mear opsmyt as jild op de bank. Lanlik waarden minder apparteminten ferkocht.
© Google Street View
De huzeprizen gean noch altyd omheech. Ferlike mei in jier ferlyn is in hûs 9,4 % yn djoerder wurden. Yn trochsneed kostet in hûs yn Fryslân op 't heden 235.600 euro. De priis skrikt keapers net ôf. In soad huzen wurde boppe de fraachpriis ferkocht.
De merk is noch altyd krap yn Fryslân. Neffens Willem Donker fan de NVM moat foaral yn it middensegmint mear by boud wurde. Der wurdt gelokkich wol wer mear by boud, seit Donker, mar noch net genôch.
Yn de ekonomyske krisis is der minder boud en dy achterstân is foarearst net ynhelle. De reden dêrfan is dat oannimmers en ûnderoannimmers krap yn it personiel sitte, dat de boukosten bot omheechgien binne en de boukavels djoerder wurden binne. In nijbouwente kostet yn trochsneed 70.000 euro mear as in ferlykbere besteande wente, beslút Donker.