Noch ien kear jachtfleantugen oankommen sjen op lêste dei Frisian Flag

11 apr 2019 - 18:01

Smoardrok wie it tongersdei op de spottersbult by Marsum. It wie de lêste kâns om te sjen hoe't de jachtfleaners binnenkomme dy't meidogge oan de ynternasjonale oefening Frisian Flag.

Spotters Frisan Flag op de bult by Marsum - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Fansels wiene der in soad echte spotters mei profesjonele fototastellen en lange linzen, mar ek in opmerklik soad oare belangstellenden. Benammen út de eigen provinsje kamen se nei Marsum om al dat loftmachtgeweld letterlik ris fan tichby te sjen en te hearren.

Om yn Marsum alles yn goede banen te lieden, wiene der ferkearsregelers, in apart parkearterein mei hûnderten auto's en by de bult sels in soarte fan doarpke mei in patatwein, mobile húskes en in ynformaasjetinte.

Fleanbasis Ljouwert is fan 1 oant 12 april gasthear fan 'e grutte ynternasjonale oefening Frisian Flag, mei dielname fan likernôch fyftich jachtfleantugen. Freed fljocht elk wer nei syn eigen thúsbasis.

Ferslachjouwer René Koster is by lêste binnenkomst Frisian Flag

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)