Alde stedhûs fan Boalsert wurdt kultuer-histoarysk sintrum

11 apr 2019 - 17:27

It eardere stedhûs fan Boalsert wurdt in kultuer-histoarysk sintrum. It kriget de offisjele namme Cultuur Historisch Centrum 'De Tiid'. Dat hawwe boargemaster en wethâlders fan Súdwest-Fryslân besletten. De biblioteek, trije musea en it argyf krije dêr ûnderdak. Der komt in hoarekagelegenheid yn en de gemeente iepenet dêr ek in loket.

It stedhûs fan Boalsert is ien fan de wichtichste monuminten yn de provinsje Fryslân, seit wethâlder Stella van Gent. De Tiid wurdt in belangryk moetingplak foar Boalserters en foar minsken dy't dêr fier bûten wenje, giet se fierder.

De nije romte en it stedhûs wurde mei-inoar ferbûn troch in publyksromte, mei in lêsseal, digitale presintaasjes en toeristyske ynformaasje. Der komt ek in auditoarium mei plak foar hûndert besikers, dêr't lêzingen, tentoanstellingen en oare kulturele aktiviteiten hâlden wurde kinne.

It hiele projekt kostet sawat 13 miljoen euro. Dat is mear as dêr't earder fan útgien waard. De gemeenteried moat noch in beslút nimme oer de nij- en ferbouplannen. It is de bedoeling dat noch foar de simmer begûn wurdt mei de restauraasje en ferbouwing.

Wethâlder Stella van Gent oer it nije kultuer-histoarysk sintrum

Trefwurden: 
Boalsert stedhûs De Tiid
(advertinsje)
(advertinsje)