Tennisser Arends nei heale finale yn Taiwan

11 apr 2019 - 17:12

Tennisser Sander Arends hat op it challengertoernoai yn Taipei de heale finale berikt. Yn de Taiwaneeske haadstêd, wie de Ljouwerter mei syn Eastenrykse maat Tristan-Samuel Weissborn mei 7-6, 4-6 en 10-8 te sterk foar de tsjinstanners út Frankryk.

Sander Arends yn aksje - Foto: orange-pictures.nl

Yn de earste set gie it lykop, wêrby't Arends en syn maat mar leafst acht breakpoints krigen. Dêrfan koene se gjin inkele benutte. Op eigen service krigen se gjin inkeld breakpoint tsjin, en dêrom moast in tiebreak de beslissing bringe. Dy gie mei 7-4 nei de Ljouwerter en syn maat.

Ek yn de twadde set wie it ferskil tusken de beide teams net grut. Op 4-5 stie it 40-40 en pakten Janvier en Robert it beslissende punt. Dêrtroch kaam it oan op in supertiebreak. Ek dêryn wiene beide teams oan inoar weage. It wie lang ûndúdlik wa't oan it langste ein lûke soe.

By in stân fan 8-8 krige Arends de bal spikerhurd op him ôf, mar mei in knappe reaksje oan it net wist er it punt wis te stellen. Op it earste matchpoint wie it dêrnei ek fuort dien.

De heale finale wurdt freedtemoarn spile om 7:00 oere Nederlânske tiid. De tsjinstanners binne Oliviera út Portugal en Uchiyama út Japan.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)