Skoalbern De Arke riede harren ta op besite kening

Bern fan de basisskoalle De Arke fan De Lemmer belibje freed in spannende dei: dêr is nammentlik de lanlike iepening fan de Koningsspelen. Mei kening Willem-Alexander!
Koningsspelen
De loper leit al út foar in moaie, oranje ûntfangst. En net allinnich de kening komt: ek Sven Kramer, it koar fan Kinderen voor Kinderen, it Jeugdjournaal, Ron Boszhard en Britt Dekker fan Zapp bringe freed in besite oan De Arke. Ald-toptennisser Richard Krajicek is der ek by: hy lûkt al jierren de karre fan de Koningsspelen.
Op en om de skoalle hinne wurdt tongersdei alles noch ree makke. Mei in hiel protte yn it oranje, fansels. De flagge bûten de skoalle hinget al út en binnen binne de bern drok oan it reptearjen foar in ûnferjitlike dei.
Sietske de Jong fan De Arke