Oardel jier sel foar Grinzer (48) nei heger berop yn hânrem-saak

11 apr 2019 - 17:00

De 48-jierrige Grinzer dy't yn novimber 2016 in deadlik ûngelok feroarsake troch yn in ridend buske oan 'e hânrem te lûken, is yn heger berop feroardiele ta oardel jier sel. Ek krijt er in rydûntsizzing fan trije jier. By it ûngelok kaam in 35-jierrige fuotballer fan VV Waskemeer om it libben.

It plak fan it ûngelok yn Grins - Foto: RTV Noord

Twa oare minsken yn de auto, wêrûnder de bestjoerder, rekken slim ferwûne. De bestjoerder rûn sels bliuwende harsenskea op en is foar in grut part ôfkard.

Roekeleas gedrach

Neffens it gerjochtshôf yn Ljouwert hat de man him skuldich makke oan roekeleas gedrach. It buske dêr't hy en oare fuotballers yn sieten, ried ûngefear 70 kilometer yn 'e oere, doe't de Grinzer oan 'e hânrem luts. It buske draaide om en botste tsjin in betonnen peal fan it spoarweifiadukt.

Neffens de 48-jierrige Grinzer hat er net oan 'e hânrem lutsen, mar ferskate tsjûgen hawwe him dat nei it ûngelok wol sizzen heard. Mei it ûntkennen hat de man neffens it hôf gjin ferantwurdlikheid naam foar syn aksje.

Heger berop

Earder waard de man troch de rjochtbank ta ien jier sel feroardiele fanwegen dea troch skuld. It Iepenbier Ministearje easke yn heger berop twa jier sel en in rydûntsizzing fan trije jier.

(advertinsje)
(advertinsje)