Rembrandttentoanstelling oant augustus ek yn Dútslân te besjen

11 apr 2019 - 16:57

De tentoanstelling Rembrandt & Saskia: Liefde in de Gouden Eeuw is fan freed ôf ek yn Dútslân te besjen. De útstalling, dy't yn it Fries Museum 76.826 besikers luts, is oant en mei augustus dit jier te sjen yn it Dútske Kassel.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

De tentoanstelling is in gearwurking tusken it Fries Museum en Gemäldegalerie Alte Meister. Fan novimber ferline jier oant ôfrûne maart wiene mear as 250 objekten oer Rembrandt van Rijn en Saskia Uylenburgh yn Ljouwert te sjen.

De Rembrandttentoanstelling krige fan it publyk in 8,5 as sifer. It Fries Museum hat ek ûndersyk dien nei it publyk. Dêr docht út bliken dat 58.000 minsken spesjaal foar Rembrandt en Saskia nei Ljouwert ta kaam binne en dat se sawat 2,4 miljoen útjûn hawwe yn de stêd. Te tinken falt dan oan jild foar oernachtingen en iten.

(advertinsje)
(advertinsje)