Coach Symen Abe Hoekstra pakt it oars oan: Aaisykje as fuotbaltaktyk

11 apr 2019 - 15:50

Sealfuotbalcoach Symen Abe Hoekstra striidt freedtejûn mei Drachtster Boys om in plakje yn de play-offs om it lânskampioenskip. It team fan Hoekstra moat sels winne fan Os Lusitanos en konkurrint Drs. Vijfje moat punten ferspylje tsjin Team Alkmaar/Sportstars. Njonken it coachen yn de earedifyzje fan it sealfuotbal, hat Hoekstra noch in hobby, en dy hobby helpt him ek by syn coachwurk.

Yn it foarjier is Hoekstra geregeld yn it fjild te finen. Hy mei graach aaisykje. "Dit is de neisoarchperioade. Dan bin ik ien of twa kear yn de wike yn it fjild. It is lekker om de holle leech te meitsjen. En do kinst oer saken neitinke, oer de training of oer de kommende tsjinstanner", fertelt Hoekstra, as er in omgong makket troch it lân by Koarnjum.

Der sitte meardere ljippen yn it fjild en Hoekstra hat noch net alle nêsten fûn. Om se te beskermjen tsjin de boeren, pleatst de ynwenner fan Koarnjum stokjes by de nêsten.

It sealfuotbaljen spilet altyd yn de holle fan Hoekstra. Hy wie coach by ferskate sealfuotbalklups, mar no is er dwaande mei syn fjirde seizoen yn Drachten. Dochs is dit krekt in jier wêryn't it minder giet. De earste fjouwer plakken yn de earedifyzje jouwe rjocht op de play-offs, mar Drachtster Boys stiet fiifde mei noch ien wedstriid te spyljen.

Neffens Hoekstra siet der net mear yn. "We moatte realistysk wêze. As we der yn de lêste wedstriid noch om spylje, dogge we it goed. En dat dogge we no. We moatte winne en dan ôfwachtsje wat der bart. As we it net helje, dan hawwe we der yn alle gefallen alles oan dien."

Sealfuotbalcoach Symen Abe Hoekstra yn it fjild - Foto: Omrop Fryslân

It is gjin noflik gefoel. We moatte hoopje dat Alkmaar syn plicht docht.

Symen Abe Hoekstra oer dat Drachtster Boys pleatsing foar de play-offs net mear yn eigen hân hat

It fuortgean fan fiif spylsters yn de ôfrûne twa seizoenen, koe dit jier net fuortendaliks opfongen wurde. Dat is de reden dat Drachtster Boys de suksessen fan ferline jier (finale) en it jier dêrfoar (lânskampioen en bekerwinner) nei alle gedachten net werhelje kin.

Se hawwe it yn alle gefallen net mear yn eigen hân. "Dat is gjin noflik gefoel", fertelt Hoekstra. "Ik hie hope dat wy ferline wike winne soenen en Drs. Vijfje puntferlies oprinne soe tsjin de nûmer twa. Mar dat is spitigernôch net bard. No moatte je hoopje dat Alkmaar syn plicht docht."

Mocht Drachtster Boys it freed dochs net oprêde, dan is dat foar Hoekstra in grutte tsjinfaller. "Dan bin ik enoarm teloarsteld." Dy klap sil hy dan takom wike ferwurkje yn it lân. "Dan kin ik hearlik de kop leegje. Evaluearje wat, wêr en wannear't it misgien is. Dan is it moai om ek in oare hobby te hawwen, want dan komt it sealfuotbal op in leger pitsje te stean."

Live te folgjen

De wedstriid tusken Drachtster Boys en Os Lusitanos set freedtejûn 20.40 oere útein en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn in ekstra sportprogramma. Dêryn ek in ferslach fan de wedstriid tusken SC Cambuur en Jong FC Utrecht.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)