Ferbetteringen oan it spoar Noard-Nederlân sette útein

Rapper en faker mei de trein fan it Noarden nei de Rânestêd. Al jierren wurdt praat oer in bettere spoarferbining tusken Ljouwert en Amsterdam. No liket it der dochs echt fan te kommen. De provinsje Fryslân hat 10 miljoen euro ynvestearre om it knooppunt Herfte by Zwolle oan te pakken. De bou oan de spoarferbettering is tongersdei úteinset. Deputearre Johannes Kramer is derby.
Ferbetteringen oan it spoar Noard-Nederlân sette útein
It stasjon fan Zwolle is in wichtige skeakel tusken de stêden Zwolle, Grins en Ljouwert. Alle dagen stappe sawat 60.000 reizgers oer yn Zwolle. En dat tal groeit noch hieltyd. Dêrtroch is it spoar by Herfte in drok knooppunt. ProRail lit no ekstra spoaren oanlizze by hegeskoalle Windesheim. Tusken dat terrein en it stasjon komt der in nij spoar by.
Op de lokaasje by knooppunt Herfte wurdt in ferdûbeling fan twa nei fjouwer spoaren makke, sadat fjouwer treinen yn 'e oere fan en nei Fryslân ride kinne. Dat binne no noch twa.
In tunnel by Herfte moat derfoar soargje dat de treinen fan en nei Noard-Nederlân net mear opinoar hoege te wachtsjen. Troch dy ferbetteringen kinne tenei mear treinen rapper Fryslân yn en út ride.
© ProRail

Klear yn 2021

De trije noardlike provinsjes hawwe earder al 70 miljoen euro ynvestearre yn de ferbetteringen oan it spoar. Rûchwei kostje de ferbetteringen oan it spoar Fryslân 35 miljoen euro. De wurksumheden moatte yn 2021 klear wêze. Yn 2030 sille de ferbetteringen in heal oere tiidswinst mei de Rânestêd opsmite moatte.