Wenningboukorporaasje: Cv-tsjettels yn hierhuzen binne feilich

11 apr 2019 - 15:13

De cv-tsjettels yn de hierhuzen fan Wonen Noordwest Friesland binne feilich. Dat seit de wenningboukorporaasje yn reaksje op de cv-problemen fan de famylje Veldema út Dronryp. Harren tsjettel fan leveransier Agpo Ferroli ûntplofte jierren lyn en noch hieltyd binne der problemen mei.

Foto: Google Streetview

Wenningboukorporaasje Wonen Noordwest Friesland hat begryp foar de situaasje fan de Rypster famylje, mar seit dat de tsjettels feilich binne. As der wat mei de cv-ynstallaasje oan 'e hân is, dan wurdt der in monteur stjoerd om de problemen op te lossen. Foar Wonen Noordwest Friesland docht Feenstra sûnt 2016 it ûnderhâld.

Underhâld

Monteurs fan Feenstra hawwe de ôfrûne trije jier ferskate kearen yn Dronryp west foar regulier ûnderhâld, mar ek foar de waarmtewikselder. Dy waard yn maart dit jier noch ferfongen om't de skuorkes yn de isolaasje oantroffen waarden.

De wenningboukorporaasje sil mei de bewenners om tafel om te sjen wat se foar harren dwaan kinne.

Neffens Feenstra binne der wolris faker problemen mei guon âldere tsjettels fan Agpo Ferroli. It giet dan benammen om tsjettels fan foar 2011. As de wikselders lykwols goed ûnderhâld krije, is der neffens de ynstallateur neat oan 'e hân.

(advertinsje)
(advertinsje)