Rjochter tikket boargemaster Crone op fingers: kafee hoecht net ticht

11 apr 2019 - 15:06

Boargemaster Crone fan Ljouwert mei kafee Het Gouden Pilsje yn de stêd net samar in moanne slute. Dat hat de foarsjenningerjochter bepaald. De boargemaster woe it kafee ticht hawwe, omdat supporters fan fuotbalklup AZ dêr begjin jannewaris foar oerlêst soarge hawwe soene. Se rôpen diskriminearjende en strafbere dingen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Neffens boargemaster Crone hat it kafee net genôch dien om wat oan dy sprekkoaren te dwaan. Dêrom woe er de saak slute. Het Gouden Pilsje hat dêrop beswier makke by de gemeente en boppedat de foarsjenningerjochter om in útspraak frege, omdat it kafee der finansjeel slim fan te lijen hawwe soe.

Ienmalich probleem

De rjochter seit dat de boargemaster wol it foech hie om it kafee te sluten, mar fûn de sluting yn dit gefal net reedlik. In sluting is bedoeld om in ein te meitsjen oan de fersteuring fan de iepenbiere oarder en feiligens. Omdat it hjir mar om in ienmalich probleem giet, hoecht it kafee net in moanne ticht, seit de rjochter.

De boargemaster hat by syn beslút it kafee te sluten meiwage litten dat der yn septimber ferline jier ek in ynsidint west hat. Mar de rjochter fûn dat gjin reden om no op te treden. Crone ferwyt it kafee ek dat it neat dien hat om in ein te meitsjen oan it gedrach fan de AZ-supporters. De rjochter wiisde der yn syn oardiel op dat de útbater gjin aksje ûndernaam hat just om de situaasje net noch slimmer te meitsjen. Meiwurkers fan de tsjinst Toezicht en Handhaving hawwe ek net optreden, om harren eigen feilichheid net yn gefaar te bringen.

Beswierproseduere

It oardiel fan de foarsjenningerjochter jildt oant de boargemaster in útspraak docht yn de beswierproseduere dy't tsjin de gemeente rint. As de boargemaster beslút dat it kafee dochs ticht moat, hawwe de útbaters it oan tiid om de saak opnij foar de rjochter te bringen.

Ria Efdé fan Het Gouden Pilsje - Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(Advertinsje)
(Advertinsje)