Boer út Folsgeare krijt hege boete foar fertutearzjen fan fee

In boer út Folsgeare hat in boete fan tsientûzen euro krigen omdat er net goed op syn fee past. By in kontrôle fan de NVWA die bliken dat in grut part fan it fee kreupel wie en dat se gjin skjinne en drûge lisplakken hiene.
It kantoar fan de NVWA yn Utrecht © ANP
Yn de simmer fan 2017 kaam by in kontrôle oan it ljocht dat in lytse 100 kij min rinne koene, trochdat har hoeven net goed fersoarge wiene. Ek stiene de bisten yn boksen mei skerpe útsteksels, dêr't se har oan snije koene. Dêrnjonken hâlde de boer him ek net goed oan de regels foar registraasje fan it fee.
It wie net foar it earst dat de saken fan de boer opfoelen by de NVWA. Ek by oare kontrôles wie de stân fan saken op it bedriuw fan de man in punt fan soarch. De lêste kearen gie it wol wat better, mar noch net goed genôch, seit de NVWA.
As de sitewaasje op it bedriuw net ferbetteret, giet it bedriuw in heal jier op 't slot, hat de rjochtbank besletten. De boer hat yntusken wol in ferbetterplan opsteld, yn oerlis mei in feedokter.