Skoalle yn krimpgebiet wit mei bysûndere lessen dochs te groeien

Jierrenlang seach it der net goed út foar de Ulbe van Houtenskoalle yn Sint-Anne. De kristlike middelbere skoalle ferlear alle jierren sa'n tsien prosint oan learlingen. Mar dit jier wurdt al foar it tredde jier op rige in flinke groei foarsein. En dat yn in krimpregio. Hoe kin dat?
Krimp StAnne groeit
"Ik sit by Travel Academy. Dêr lear ik hoe't ik in reis organisearje moat", sa fertelt Mats, ien fan de learlingen fan it Ulbe van Houten. "Ik lear dan hoe't ik sykje moat op ynternet, mar ek hoe't ik dan praktyske saken regelje moat. En it moaiste is dat we dy reis dan ek echt meitsje sille. Dat fyn ik wol hiel bysûnder oan dizze skoalle."
It is samar in foarbyld fan de ekstra aktiviteiten dy't de learlingen op skoalle oanbean krije. Mar ek wurkje se mei robots en leare se hoe't se omgean moatte mei drones en hoe't in restaurant wurket.
"We hawwe in pear jier ferlyn op frij drastyske wize snijd yn ús oanbod op skoalle", sa seit direkteur Eelco Bruinsma. "Alle fakken moasten in oere ynleverje. En de tiid dy't dat opsmyt kinne de bern no brûke foar oare feardichheden of om fakken by te spikerjen dêr't se net sa goed yn binne."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Nina: "Ik bin net sa goed yn wiskunde en ik krij no in soad ekstra help. As ik bygelyks in ûnfoldwaande haw op wiskunde dan nimt de leraar de toets noch mei my troch en kin ik sa sjen wêr't ik noch ferbeterje moat."
De learlingen binne bot te sprekken oer de persoanlike oanpak fan it Ulbe van Houten. In oanpak dy't op hieltyd mear skoallen ynfierd wurdt. Mar hoe't dat dien wurdt ferskilt noch wolris. Foar it Van Houten jildt yn alle gefallen dat it yn de smaak falt. De ôfrûne trije jier komme der alle jierren sa'n tsien persint ekstra learlingen by.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De groei soarget sels foar problemen op skoalle. Sa moasten der yn de sintrale hal ekstra sitplakken by komme en ek op oare plakken yn de skoalle moast mei romte skood wurde. Op dit stuit hat it Ulbe van Houten sa'n 500 learlingen. Direkteur Bruinsma ferwachtet dat dy groei ek de kommende twa jier noch trochsette sil. Mar dêrnei wurdt it ek foar dizze skoalle wer dreech.

Ein oan de groei

Sint-Anne is in krimpgebiet en dat sil der hoe dan ek foar soargje dat der in ein komme sil oan de groei fan it tal learlingen. De groei dy't it Ulbe van Houten no hellet giet ten koste fan de oare skoallen yn de omjouwing. As de befolking krimpt en fergriist sil ek it Van Houten minder learlingen krije.
"Mar in echt grut probleem is dat net," sa seit Bruinsma. "We moasten no groeie om de wurkgelegenheid op peil hâlde te kinnen. De kommende jierren streame der lykwols ek wat dosinten út, gewoan troch harren leeftiid. En dan kinne we dus de weromgong yn it tal learlingen op in natuerlike wize opfange."
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga